Mantgumer peloters jouwe Littens in leske

Je ha soms fan dy dagen dat de wet fan Murhpy alle goeie foarnimmens de grûn yn slacht. Dat wie tongersdei te jûn it gefal foar de peloteploech út Easterlittens. Sy koenen slaan en dwaan wat se woenen, mar alles wat ferkeard gean koe, gie ek ferkeard. Dat hâldt dan tagelyk yn, dat alles wat meisitte koe, ek meisiet foar ús peloters.

Easterlittens begun mei in 6-0 foarsprong, mar soe it earst net krije. En sa soe it noch in pear kear gean. Alle kearen gie op 6-6 it earst nei Mantgum. Mar ik soe fansels ús mannen tekoart dwaan as ik alles oan de wet fan Murphy taskriuwe soe foar it ferlies fan Easterlittens. De opslach fan Mantgum hie folle mear lingte en de mannen sloegen ek in grut oantal kearen boppe. Anne Piet Tolsma sloech as yn syn bêste jierren en krige flinke assistinsje fan Jan Heida en Lieuwe Fopma. Albert de Jong en Jelmer Jonker koenen har sels permittearje om in tal kearen oer de bal te dûken dêr wêr’t de bal ienfâldich wie te kearen. Mar sels dat koe dizze kear wol wat lije. Littens krige mar in spul oan de tillegraaf en dat hâlde yn dat Mantgum mei in oerweldigjende 10-2 winst in noflike neisit hie.

Geplaatst op 14 May 2009